Redactie
Heeft u een oproep of
een nieuws item voor aldeboarn.net?
Neem dan contact met ons op

In grien bledsje

Column

De gêrsmoanne is wol de moaiste moanne fan it jier. Net om de aprillerij, ek net om it aprillewaar, der falt dochs gjin steat op te meisjen, mar op it nije begjin! Ik sjoch mei ferwûndering nei it útsprúten fan de natûr. It is dochs in wûnder dat nei sa’n lange winter alles wer grien wurdt. Wij minsken binne yn dit stik fan saken mar earm. Oan ús is it net te sjen dat it maaitiid is. Op syn heechst mei wat nije klean en dêr hâld it wol mei op.Ik bin gek op al dy frisse bledsjes, dêrom haw ik it smoardrok yn dizze tiid. Trouwens ik haw wat mei beammen. Se fassinearje my. Se steane der grutsk boppe alles út. Se jouwe foarm oan it lânskip. Kinst yn har skaad sitte, skûlje as it in buike reint. Dan yn it bosk, mei de stilte, de daudrippen fan de iere moarn en it fluitsjen fan de fûgels. Wat is it spannend yn de bosk as’t op syk bist nei in iikhoarntsje, in spjucht as in boskgeitsje. Beamen stean letterlik en figuerlik boppe minsken, se oerlibje ús, hawwe it ivige libben yn tafel en stoel. As it hout opbaand yn de kachel, bliuwt deselde jiske oer as fan in minske. It hat dan wol waarmte jûn, dat kinst fan minsken net altyd sizze. Ik kin my bêst begripe dat prinses Irene mei beammen praat. It is in foarm fan meditaasje, ta dysels komme.
Gean der marris ûnder stean en rek dy ris hielendal út, dan silst fernimme dat de linker stream troch it rêchpiid nei boppen ta lûkt en oan de rjochterkant wer nei ûnderen giet. Sa docht de beam it ek, dêr is de wikselwurking folmakke, bij de mins is dat lykwicht faak fersteurd. Dêrom hat de mins baat bij de besinning oer it beamwêzen, sa dat de beam yn dysels sûner en sterker wurde kin.
Sa ik haw it sein en no wer mei de beide fuotten op’e grûn.
Ek beammen hawwe freonen en fijannen. De drúvebeam mei net oer koal en laurier. De yp en de klaproas meie mekoar graach. De olivebeam en de ikebeam hawwe ferskillende persoanlikheden: se ferdrage mekoar net. De bjirk en de din sykje mekoar op, op’e heide. Mei heidekrûd en poddestuollen foarmje sij in mienskip. Under de brúne boekebeam wol neat groeie, miskien om’t sy, fan hearren en sizzen, alle kwea út de omjouwing opsûget. Ek dat fan’e minsken dy’t ûnder harren blêden teedrinke!!!

Dit wie in beammepraatsje. Jim kinne wol begripe as der beammen kapt wurde,dat der ek wat yn mij kapt wurdt.

Annabet