Redactie
Heeft u een oproep of
een nieuws item voor aldeboarn.net?
Neem dan contact met ons op

Fryheid

Column

Al wer in nij jier. Wat sil it ús bringe? Gelokkich witte we dat net. We winskje mekoar it âllerbêste ta. Filosoof Bauke seit da `st foar njoggentich prosint it libben sels yn ‘e hân hast. Wy minsken binne frij, dat betsjut dat er hast eltse minút in kar makke wurde moat. Sil ik sosjaal wêze as asosjaal, sil ik de wierheid sprekke of leugenje, sil ik wurkje of my siik melde, sil ik thee as kofje drinke, sil ik ....... folje sels mar yn. In mins wurdt foarme troch it beslút wat er nimt. De measten sizze dat it yn ‘e genen sit en joue in oar de skuld. Ek at it dy tsjin sit kinst in kar meitsje hoe as `t der mei omgiest.

Kinne wij die frijheid wol oan ?? Ikke wol lês mar fjirder!!! Ik fiel my fûgelfrij yn Boarnsterhim no`t ús Baas net mear sa krekt sjocht. Foar lytse wysjewasjes hoechtst net mear in fergunning oan te freegjen. Dan is by my de hikke fan de daam.

Alderearst pik ik it stikje grûn efter it medium yn. Der meitsje ik in bistetún fan. In pear ezels en wat gânzen, haw ik altiid  myn sin al op set. Se binne krekt sa frij as ik, dus lit ik se los rinne. Foar de carport set ik NP op de dyk. Op de oare parkeerromte set ik in túnhûske en brûk dat as winkeltsje foar myn petten, mei in grut reklameboard op de dyk. Ik kap de trije bjirken, hoe sa doarpsoansicht !!!!

De Jister wurdt in theeskinkerij, mei stikem wat oars ûnder de kurk. Ik gean mei in kollekte foar mysels lâns de doarren en brûk de opbringst foar de bistentún. Dit binne âllegearre mar lytse dinkjes, ik haw my noch nea sa frij field.

Wat skande dat ús gemeente opdoekt, ik moat der net oan tinke dat Hearrenfeen as Opsterlân my aanstons wer oan bannen leit. Dus minsken pak mar lekker út yn 2010. It kin no noch !!!!

Annebet