Redactie
Heeft u een oproep of
een nieuws item voor aldeboarn.net?
Neem dan contact met ons op

FNP: teloarsteld yn ferdieling Boarnsterhim

nieuws
It kolleezje fan B&W fan Boarnsterhim hat bekend makke dat hja Boarnsterhim opsplitse wolle. It súdlike part, mei Terherne, Akkrum/Nes en Aldeboarn, soe nei de gemeente It Hearrenfean ta gean.

Yn in reaksje hat de FNP fuortendaliks witte litten teloarsteld te wêzen yn it beslút. De partij is fan betinken dat gjin rjocht dien is oan wat de doarpen by ynspraakjûnen sein hawwe. Sa hat Terherne yn in enkête oanjûn dat 94% fan 'e befolking nei Skarsterlân ta wol. Akkrum en Nes hawwe dat by mearderheid ek oanjûn. Op de website www.akkrum.net is mei 70% fan 'e stimmen in grutte foarkar foar Skarsterlân. Aldeboarn woe wol nei Opsterlân, mar beslist net nei Ljouwert of Hearrenfean. En dat gebeurt no mooglik al. De partij ropt de doarpen dan ek op yn aksje te kommen. Ek hopet de partij dat de oare fraksjes yn 'e gemeenteried it beslút noch oanpasse wolle. En dat der jûnen hâlden wurde yn 'e doarpen, sadat minsken tichtby hûs har miening jaan kinne. Foar de FNP is fan ûnderen op ek echt fan ûnderen op.