Redactie
Heeft u een oproep of
een nieuws item voor aldeboarn.net?
Neem dan contact met ons op

Maaitiidsgefoel

Column

Dêr is it wer, dat gekribel. Ik wit it net goed te omskriuwen, it is in soad fan op’e nij begjinne. De natûr ûntbleatet en de fûgels binne drok mei it nesteljen. Nei in lange winter is it krekt at der in geheim oan it ljocht komt. In soarte fan brûsjen! Ik begjin jaloersk op de Hindoes, dy’t it Holifeest fiere. Mei kleuren en dûns úterje se it nije libben, it maaitiidsgefoel, troch alles hinne. Wij moatte ús behelpe mei in nij behankje of in nij jurkje. Us fjirtich dagen tiid stiet heaks op it maaitiidsgefoel. Wij moatte wachtsje oan’t Peaske en dat is wat oan de lette kant as’t dyn gefoel sprekke litte wolst. Ik begryp no better hoe’t ús mem eartiids de skjinmakkoarsts hie. Troch de jierren hinne bliuwt it gekribel itselde.
As bern hie ik der in grouweliche hekel oan. It hiele hûs op’e kop en ús mem wie net te brûken. It kelderhimmeljen heucht my noch as de dei fan juster. De muorren wytsje, it rútsje der út en lekker trochluchtsje. It earste trepke nei boppen wie ek de kelder yngong. Ik wit it krekt, want ien kear moast ik foar straf yn de kelder omdat ik net bidde woe foar it iten. It wie in raar hok mei spinnen en soms in podde tusken de winterjirpels. Ik tocht, ik sil ús mem wol krije en haw in flesse prûmen iepen makke en lekker opsmikkele!!! De straf yn de kelder wie mar ien kear!!!
No moat alles der út. Ik moat helpe te sjouwen foardat ik nei skoalle gean. As famke fan in jier as tsien kinst al wat hânlangje, dêr makke ús mem tankber gebrûk fan. Nei skoaltiid moast ik daliks thús komme, net boartsje mei myn kammeraatskes. Dat wie foar mij in straf want de frijheid wie my goud wurdich. Ik groeide op, op in lyts boerespultsje mei in kampke lân, wie altyd yn de natûr, tusken de bûterblommen, sûre sult en lamkebrea. We fongen kikkerts yn in teedoek en lieten se bij mem op’e tafel wer los!!! Dat is wat oars as kelderhimmelje, ik sjou my in ûngelok, wekflessen mei bearntsjes en prûmen. Blikjes fruchten en in pear flessen skilletje. De molke fan ús heit syn ko en de sûpengrottenbrij, dy’t ús mem krekt kocht hat, moat wer yn de kelder. Us mem hat de witerskalk noch op’e noas, mar se is wer op’t skik want it karwei is klearre!!!
No it iten noch klear meitsje, foar dat ús heit op syn brommerke thús komt.
At wij oan de sûpenbrij ta binne, sjocht ús mem eigenaardich om har hinne en skept harsels net yn!!!
Wij freechje: “Wêrom yt mem gjin brij??”Se jouwt net in dúdlik antwurd en wachtet dat wij it board leech hawwe. No twinge we har antwurd, mem bychtet op: “Ik soe de panne út de kelder pakke, doe seach ik wat brobbeljen. Twa grouwe glêziche eagen seachen mij oan mei kerrels op’e snút. Ik pakte de sleef en skepte…………in dikke kikkert út de brij. Hij hipte troch de skjinne kelder nei it rútsje, wat ik fergetten haw der wer yn te dwaan”, seit mem mei in holle as in byt. “Kikkerts binne súvere bisten, dêrom haw ik de brij net fuortgoait”.
Ik haw nea wer sûpengroattenbrij iten.

Annabet