Redactie
Heeft u een oproep of
een nieuws item voor aldeboarn.net?
Neem dan contact met ons op

Bikkels: Jorrit en Daan

nieuws

Op freed 15 jannewaris ha ik efkes belle mei de fam. Bergsma. Ik hope dat hja net al ûnderweis wiene nei de marathon fan hjoed: de Angenent Classic fan 200 km. Ut it gesprekje mei Anno, heit fan Jorrit, die bliken dat dat net it gefal wie. Jorrit – hij hat nûmmer 13 -siet om tsien oere ek net achter in bakje kofje, mar wie fuort: hij wei der al wer op út om de “verzuring” der út te fytsen. De dei der foar is hij as 7e eindige op de Veluwemeertocht, wêr’t hij lang yn de kopgroep fan 10 riders siet. De drege omstandichheden makken dat der net folle oer de finish rieden.


Yn oktober waard Jorrit Bergsma 1e bij de iepeningswedstryd fan it marathonseizoen yn Alkmaar. Op nijjiersdei,  yn Biddinghúzen, wie der ek in oerwinning. Snein de 17e jannewaris stie it NK op it programma: Jorrit die dus mei, om’t hij wol Nederlander is. Fan de 150 ronden ( 60 km.) hat hij der 98 riden.De wyks dêrop ride hja marathons op de Weisensee. Yn febrewaris eindigt it marathonseizoen mei in 4 dagen wedstriden yn ferskillende stêden achtermekoar oan.

Foar shorttracker Daan Breeuwsma en syn famylje is it in spannende tiid fertelt Jacquelien, mem fan Daan. Sil hij wol of net nei de Olympische Spelen yn Vancouver? Nei it EK shorttrack yn Dresden op 22, 23 en 24 jannewaris sille we it witte. Sjinkie Knegt is al wis fan in plakje op de 1000 meter. Der is noch in plakje frij op de 500 en de 1500 meter. Mar neist Daan ride ek Niels Kerstholt en Sjinkie Knegt foar klassearring: in 1e , 2e of 3e plak, want dat is de limyt om mei te gean. Foar harren betsjut it in podiumplak fertsjinje en dan is it mar krekt wa’t dan wer it heechst eindigt. Fansels wolle we graach dat Daan nei Vancouver ôfreizgje sil.

Foar beide Boarnster: in protte sukses.