Redactie
Heeft u een oproep of
een nieuws item voor aldeboarn.net?
Neem dan contact met ons op

Annelies Nijdam Beker 2010

nieuws

26 maart wie de jiergearkomste fan G.V. Hercules yn It Fryske Hynder. 

De Annelies Nijdam Beker gong nei Lies Mulder, it âldste lid, 84 jier. Op tongersdei om 10.00 krijt se les fan dochter Jitske, dat is wol bysûnder. Frou Mulder is noch tige warber. Drok yn ‘e tún dwaande en gauris op paad yn ‘e auto. Mei de feesten is se der ek, op freed en op sneon op it fjild as yn ‘e tinte. Se komt noait op de jiergearkomste. Jitske sei: “dat regelje ik wol”. As der letter nei frege wurdt seit Jitske: “ik ha sein dat se der hinne moat, se hat wol wat yn ‘e gaten en sei: “krij ik in spjeldsje of sa”? Frou Mulder sit  by de klupkampioenskippen foaroan om de  beppesizzers yn aksje te sjen. Yke van Tuinen  sit dan meastal net fier fan har ôf en de froulju wurde as VIP behannele  en genietsje fan de wedstriden. It duorret wolris wat lang, dat kin neat skele, se bliuwe oant de priisútrikking ta. De beppesizzers binne sportyf en winne by de klupkampioenskippen gauris in priis. In pear jier lyn hat Jitske har mem noch mei de beppesizzers en de priizen op ‘e foto set by it podium. Beppe wie grutsk. De famylje Mulder is belutsen by Hercules, Hennie is sjuerylid, Jitske jout les, Theade regelt de saken by it volleybaljen en sit yn de jubileumkommisje mei syn suske Jitske. By de útfieringen is frou Mulder der altiten by. Se siet earst by it UVV groepke. Jitske hie de lessen oernommen fan Klaske Nijdam. Earst yn Ons Huis, dêrnei yn  De Jister en rûn 1988 kaam die groep by Hercules en gongen se nei de gymnastykseal. Lies Mulder wie altiten wol by Hercules belutsen, dat koe ek net oars yn sa’n sportieve famylje. Har man, Bonne Mulder, hat foarsitter west, wie sels fanatyk turner en de bern sieten allegearre op gymnastyk as by de seleksje. Foaral Jitske die in protte mei oan wedstriden en wûn in protte prizen. Se gongen altiten mei nei de wedstriden. Jitske wist dêr noch in moai ferhaal oer te fertellen. Se hie in wedstriid yn Grins, mei syn allen der hinne, it waard wat let, noch wat ite. Midden yn Grins gongen der allegearre lampkes baarnen yn de auto. Heit sei: salang wy noch ride, ride wy troch. Mem wie it der net mei iens: “stopje en sjen wat der oan ‘e hân is”. Mar né,  trochride. Al gau stoppe de auto der mei, midden op ‘e grutte dyk. Nei lang wachtsjen kaam de ANWB, it wie al gau dúdlik dat der op dat stuit neat oan te dwaan wie. De fam. Mulder mei syn allen yn’e sleepauto, de auto der boppe op en mei swaailjochten en al nei Aldeboarn. Midden yn ‘e nacht kamen se thús, de  buorlju efter de gerdyntsjes. Die tochten gryf: “wat is der no wer mei die fam. Mulder oan ‘e hân”?  Wat de gymnastyk op tongersdeitemoarn oanbelanget seit har dochter: “Mem docht mei wat se kin, se kin it noch prima oan foar immen fan 84”.

Lies Mulder wie tige wiis mei de wikselbeker.