Redactie
Heeft u een oproep of
een nieuws item voor aldeboarn.net?
Neem dan contact met ons op

It Brûst

nieuws

Teaterfestival troch Tryater fan 17 oant en mei 20 maart yn de Utingeradielhal yn Akkrum.

Wy organisearje op freedtejûn 19 maart in spesjale jûn foar Boarnsters en Akkrumers. Sy komme dan tsjinoerinoar te stean
yn in doarpenstriid: De Tuorkemjitters tsjin de Skytstuollen. Dit alles nei ôfrin fan de foarstelling Diplodocus Deks
(20.00-22.15), wêryn’t it giet oer bestjoer binnen doarpen: de kommisjes, wurkgroepen, ferbannen dy’t elkenien dy’t ea yn in kommisje sitten hat wol bekend binne, en meinammen oer wat feroarings binnen it doarp mei de kommisjes docht.
In humoristyske foarstelling dy’t doarpsynwenners in spegel oer harren rol yn in mienskip foarhâldt.

Aldeboarnsters kinne harren om 19.30 oere sammelje op it parkearplak fan It Fryske Hynder. Jimme krije dan in fuotbalshirt fan VV Aldeboarn, om sjen te litten dat jim by de Boarnster groep hearre. Om 20.00 oere begjint de foarstelling Diplodocus Deks yn de Utingeradielhal.Om 22.15 oere begjint de doarpenstriid. Om 23.00 oere is der ta ôfslúting in feest mei Barry Nice and the Nice Guys.