Redactie
Heeft u een oproep of
een nieuws item voor aldeboarn.net?
Neem dan contact met ons op

Doch it foar dyn Doarp

nieuws

Wylst ik dit stikje begjin hat de redaksje fan Doch it foar dyn Doarp Aldeboan in gesellige reüny. Op de skitterend ferbouwde pleats op it Eilân binne wy te gast by Els en Roland Notermans. Wy genietsje fan in lekker hoekje fleis en in swolchje wylst har bern in tonielstikje fersoargje.

Yntusken prate wy oer de moaie tiid dyt wy hân hawwe by it betinken en meitsjen fan ús bydrage oan de sery fan Omrop Fryslân: Doch it foar dyn Doarp. Troch de omrop is dit projekt betocht mei de opset om in bijdrage te jaan oan de libbendichheid fan de doarpen. Trettjin wiken is elke wike in oar doarp oan bar om in heal oere live tillefyzje te meitsjen.
It doarp dat it bêste programma makket wint in pot jild. Begjin juli wurdt dit bekend. Mocht de priis yn Aldeboarn telâne komme, dan wolle wy dit besteegje oan projekten om it foar de jongerein leuker te meitsjen yn ús doarp. As wy dat jild net winne hawwe wy likegoed ien fan ús doelen al helle: wy woenen der in moaie tiid fan meitsje en wille hawwe om in moai programma te meitsjen.
Hâns Bransdma fan ús pleatselik belang hie ús doarp opjûn. Yn in gesprek by Douwe Heeringa op de radio sei hy dêroer: "Fanwege de gondelfeart wurdt fan Boarn wat ferwachte, dat je wat mear kinne en dêr dus ek oan meidwaan moatte."

Begjin febrewaris waard Aldeboarn ynlotte om as tredde doarp mei te dwaan. Net folle letter siet it sealtsje fan it Fryske Hynder fol doarpsgenoaten om dêr mear oer te hearren. Geert van Tuinen, de produsint fan dit programma, hie syn ferhaal amper dien, of der wie al in groep minsken, dy't de redaksje foarme.
Dizze redaksje wie faak in jûn te fergaderjen. Allegearre plannen waarden betocht, ynbring út it doarp waard hifke, plannen waarden wer skrast en soms letter wer weromhelle. Sa ûntstie it idee fan in item: Boer siket wiif, Boer siket Boer, Boarnster siket frou of soksawat te meitsjen. Doe't it hast safier wie woenen alle beskikbere frijfeinten net mear op tv. Tja, doe moast wat oars betocht wurde.
Hoe meitsje je yn fredesnamme fiif kear in heal oere tv? Dêr hienen wy fansels gjin inkel idee oer. Dat it safolle wurk wie, hienen wy net tocht. Lokkich genôch kaam der hyltiten mear hulp en kamen ideeën út alle hoeken.

Roland waard einredakteur. As foarsitter fan de Boarnster ûndernimmerferiening hie hy al gau in stel bedriuwen fûn dyt foar in pear sinten elke dei om it programma hinne reklame meitsje mochten.
De driuwende krêft efter de redaksje wie Nynke Akkerman. Dizze tûzenpoat regele fan alles en noch wat. Tidens de opnames wie sy de regiseuze en hie de swiere taak  alle partijen binnen de tiid te hâlden.
Achter de skermen wie in net minder belangryk groepke minsken dwaande. Neist it betinken fan items en it útwurkjen dêrfan wiene Andreas, Annie, Jan, Jannie, Luuk, Marijke, Sietse, Wendy en de skriuwer fan dit stikje, dwaande mei it dekôr, kontakten te lizzen en de (sosjale) media fan informaasje te betsjinjen.

As ik útstjoeringen fan oare doarpen sjoch, dan fyn ik dat de presentatoren Lutske, Henk en Sandra it pûrbêst dien hawwe. Nimmen kin him oant no ta spegelje oan harren. De filmkes, wêryn Harry de kok fan Bikke by Boarnsters spile, binne alderaardichst om te sjen. Net allinne Boarnsters hawwe dêrfan genietsje kinnen. It soe my net ferbaze as Harry in fet kontrakt krijt by de tv.
De musyk wie tige wichtich. Pien Breeuwsma skreau en song in nij Boarnster folkslied. Dit is troch Rogier Trampe fakkundich opnaam. Ek Lousina, Rixt en Johan hawwe har fan har musykaalste side sjen litten.
Mar sûnder de stipe fan alle gasten en de Boarnsters, dy't by de útstjoeringen holpen hawwe, wie dit nea mooglik west. Ik wol benammen de jeugd fan ús doarp noch neame. In grut part fan de útstjoering fan freed waard dêr troch fersoarge. Dit wie echt geweldich dien, de spontaniteit spatte der ôf. De streaker op sneon wie super.

Wy hawwe mei ús doarp in prachtige tiid belibbe en dat is de grytste priis dy't wy winne kinne.

Duco Kramer