Redactie
Heeft u een oproep of
een nieuws item voor aldeboarn.net?
Neem dan contact met ons op

Doch it foar dyn Doarp Aldeboarn

nieuws

Doch it foar dyn doarp Aldeboarn
19 oant 23 april 16.30 / 17.00 oere

Us doarp Aldeboarn komt in wike lang op televyzje. Mei Omrop Fryslân fersoargje wy fan tiisdei 19 oant sneon 23 april elke middei it programma: Doch it foar dyn doarp. Yn elke útstjoering sitte serieuze en hylaryske mominten mei Boarnsters fan alle leeftiden.

Doch it foar dyn doarp is in sery wêryn alle wiken in oar doarp sintraal stiet. Aldeboarn is ien fan de 13 Fryske doarpen dy’t meidogge. It doarp dat de bêste útstjoering fersoarget leit in priis fan € 10.000 klear. Dizze priis is troch Het Oranje Fonds beskikber steld. As ús doarp de priis wint dan wolle wy dit bestede oan projecten dy’t de bern en jongerein fan Aldeboarn ten goede komme. Wy krigen hiel wat ideeën oanrikt toch ferskaat fan Boarnsters. Wy wienen dêr tige wiis mei, mar it wie tefolle om alles te ferwurkjen.

Elkenien dy't derby wêze wol is wolkom. De opnames wurde op fiif dagen makke, tusken 16:30 en 17:00 yn it Doelhôf.  Tink derom dat jo auto dizze dagen net yn it Doelhôf stean kin en dat ferkear lâns It Doelhôf  opkeard wurdt.
De útstjoeringen binne live op Omrop Fryslân te sjen. De oare deis wurdt it om 9:30 en 10:30 opnij útstjoerd en ek op de site www.dyndoarp.nl kinst it sjen.
Wolst meihelpe oan dit leuke projekt, lit it ús witte. Wy kinne der altiten wol in pear hannen by brûke. Op sneon 23 april sil de útstjoering spektakulêr eindigje en nei ôfrin is der de "Dien foar ús Doarp Afterparty".

redaksje: Roland Notermans, Nynke Akkerman, Jan van der Woude, Andreas de Boer, Sietse Zwaagstra, Marijke Akkerman, Luuk Klazenga en Duco Kramer.

mail: Dit e-mailadres is beschermd tegen spambots. U heeft Javascript nodig om het te kunnen zien.
twitter: @DoarpAldeboarn
URL: www.dyndoarp.nl

Ons dorp Aldeboarn komt een week lang op televisie. Samen met Omrop Fryslân verzorgen wij iedere middag van dinsdag 19 tot en met zaterdag 23 april het programma: Doch it foar dyn Doarp. Tijdens iedere uitzending komen diverse inwoners van Aldeboarn op serieuze en hilarische wijze live op de buis.

Doch it foar dyn doarp is een serie programma's waarbij iedere week een ander dorp centraal staat. Aldeboarn is één van de 13 dorpen die mee doen. Het dorp dat de beste uitzending verzorgt gaat met de prijs van € 10.000 naar huis. Deze prijs werd beschikbaar gesteld door Het Oranje Fonds. Wint ons dorp de prijs dan willen we dit geld graag ten goede laten komen aan projecten voor de kinderen en jeugd van Aldeboarn. Vanuit verschillende hoeken kregen wij ideeën aangereikt. Onze hartelijke dank daarvoor, het was te veel om allemaal te verwerken.

Iedereen die bij dit gebeuren wil zijn is van harte welkom. De opnames worden dagelijks van 16:30 tot 17:00 live gemaakt vanuit It Doelhôf. Wie niet komen kan kijkt thuis om die tijd op Omrop Fryslân of de volgende dag om 9:30 of 10:30 in de herhaling. Op www.dyndoarp.nl kun je het ook terugzien.

We kunnen altijd wel een handje gebruiken, dus meld je aan voor een hand- en spandienst. Zaterdag 23 april eindigt de uitzending op spectaculaire wijze, daarop volgt de "Dien foar ús Doarp Afterparty"