It Directeurshûs
It prachtige wenhûs fan de eardere coöperatieve suvelfabryk kin stean bliuwe. Wat sille in protte bewenners en Boarnsters om utens bliid wêze, dat te hearren. It hiele gebou stie eartiids bekend as ien fan de moaiste suvelfabriken fan Fryslân. It soe ek frjemd wêze, dat sa’n hûs net brûkt wurde kin as ûnderdiel fan in greater gehiel. Architekten binne wol sa kreatief, dat it foar in fakman(frou) wol’ris in útdaging wêze kin d’er in hiel moai gehiel fan te meitsjen. It is no al een prachtige ôfsluting fan de Tsjerkebuorren, en as d’er skielk in hiel nij gebou bij boud is, dêr oan de Boarn, dan sil dat in greate oanwinst wêze foar ús doarp. Op it Internet steane prachtige foto’s fan it âlde fabryk, sa as it d’er rûn 1910 bystie. Hjir ûnder kin jo se besjen.


