Nijs fan it Museum, de “Aldheidskeamer Uldrik Bottema”
Boarnsters bedankt. It rint wer geweldich. Hast eltsenien dy’t it foarrige jier
de Aldheidskeamer finansjeel stipe hat, hat dit no ek wer dien. We moatte noch
twa moannen yn dit jier, mar we sille fêst wol wer op in posityf ôfslúten
resultaat rekkenje kinne.
Allegearre tige betanke en we hoopje jimme ek allegearre ynkoarten nochris wer
yn ‘t Boarnster Museum te sjen.
Koartlyn ha we minsken fan it Fries Museum op besite hân. Dy kamen te sjen hoe harren skilderijen ophongen wienen. It ophingjen wie goed, mar hja meaten te folle UV ljocht yn de hal. Dat ljocht skynt skeadlik te wêzen foar de ferve. We ha dat oplost troch it skynljocht boppe de doar te fertsjusterjen. Dat is klear en sa kinne de beide skilderijen fan Tjeerd Bottema mei derop syn pake en beppe, wer jierren noflik bij ús hingje.
Der hat ek in wiziging yn it bestjoer west. Tietsje Watzema, dy’t fanôf de
oprjochting yn 1986 as sekretaris yn it bestjoer in sit hie is opfolge troch
Gerrit Waringa. Nei hast tweintich jier hat sy har part foar it Boarnster Museum
wol fol makke. Wy reitsje in belutsen en kundich bestjoerslid kwyt, mar hoopje
en rekkenje der op, dat we mei Gerrit in goeie opfolger hawwe!
It bestjoer sjocht der no as folcht út;
foarsitter Daan van der Pol ponghâlder Lykele van der Ven
sekretaris Gerrit Waringa bestjoerslid Hâns Brandsma